Maatregels yn Surhústerfean yn ferbân mei hurde wyn

Yn Surhústerfean wurde ekstra maatregels naam yn ferbân mei de hurde wyn. Yn it doarp is woansdeitemoarn de 22ste edysje fan de ynternasjonale sintrumcross úteinset. In tal spandoeken is fuorthelle, en stekken binne ekstra fêstset. Der binne fjouwer kategoryen. Earst ride de amateurs en de masters. Dêrnei de froulju en ta beslút de elite en beloften. De sintrumcross is al hiel lang in fêste wearde op sportkalinder. Dizze edysje dogge wat minder grutte Belgyske nammen mei. Nederlânske toppers lykas Marianne Vos en Lars Boom binne der wol by.
It skema foar woansdei is as folget: