Himpkwekerij mei 750 planten ûntromme yn Bakhuzen

© Plysje
In stroomsteuring hat de plysje tiisdei op it spoar set fan in himpkwekerij yn Bakhuzen. Nei oanlieding fan de steuring kaam de netwurkbehearder derachter dat yn de buert fan de Túnkershof himp ferboud waard. De plysje fûn yn in hûs yn de strjitte in profesjonele kweekynstallaasje mei 750 himpplanten. Dy is ûntromme.
By de ûntromming is in 43-jierrige man út de gemeente De Fryske Marren oanhâlden as fertochte. De man sit noch fêst foar fierder ûndersyk.