Iepen brief oer bertesoarch

26 maaie 2012 - 12:56

De Sionsberch en soarchfersekerder De Friesland besykje mei in iepen brief de emoasjes oer it ferdwinen fan de bertesoarch del te bêdzjen. Takom jier slút de kreamôfdieling yn it sikehûs. Dat ropt emosjonele reaksjes op. Tsjinstanners beaën freed noch 'de pil' oan oan boargemaster Waanders, omdat yn ferwachting reitsje mar better net kin.

Neffens De Friesland is der gjin gefaar foar mem en bern. By need kin altyd noch in ambulânse of in helikopter ynset wurde.

Diana Monissen fan De Friesland seit dat tenei goed sjoen wurdt oft in befalling risikofol is. As dat sa is, dan kin op 'e tiid in sikehûs yn de buert berikt wurde.

(Advertinsje)
(Advertinsje)