Kollum: "Willem"

04 jan 2017 - 09:37

Eelke Lok fan De Gaastmar wurke 40 jier foar Omrop Fryslân en waard ûnder oaren bekend troch it politike praatprogramma ‘It Wapen fan Fryslân’ op de radio en ‘Gewest Fryslân’ op televyzje. Al jierren fersoarget hy kollums op de radio. De kollums fan Eelke kinne oeral oer gean: Fryslân, sport, polityk, kultuer of wat him ek mar opfallen is. Al syn kollums binne te finen op syn side eelkesweblok.nl.

"Juster tsjin de jûn krige ik it nije boek fan Mark Hilberts. “It giet oan zei Kroes”, dat is de titel. It wurdt daliks presintearre op de reüny fan de Alvestêdetocht fan hjoed op de kop ôf 20 jier lyn, 4 jannewaris 1997. Hilberts beskriuwt it ferhaal fan in dikke 120 riders fan de wedstriid. Ik haw oant fier oer middernacht sitten te lêzen. Ja, je witte alles noch wol sa’n bytsje , mar jo krije dochs wer reade earkes. En wat sa moai wie, dy ferhalen yn it boek stipen my yn wat ik fan 'e wike seach yn de dokumintêre fan Andere Tijden oer dyselde Alvestêdetocht, en wêrfan ik tocht: dat doocht eins net. Sy woene deryn hawwe dat in groep riders ferkeard riden wie op de Sleattemer Mar. Mar dat wie dêr noch net, dat barde pas neidat se fan De Luts kamen, op De Holken en De Morra, by Galamadammen. Ynienen breed wetter. Oeral yn de fierte ljocht. Mar tichteby wiene de fakkels útwaaid yn de stive noardeaster. Wêr moatte wy hinne. Dêr is Peter de Vries yn de haast om werom te kommen tsjin in peal riden: skouderbonke brutsen. Dêr is Fausto de Marreiros de ferkearde kant útstood, mei noch wat oaren. Dêr ferlearen sokken as Jan Eise Kromkamp it kontakt om't se te hoeden wiene. Dêr ûntstie de kopgroep fan tolve, dy’t net mear ynhelle wurde soe.

Likegoed wie it fansels tweintich jier tebek in gouden dei. De mislearring wie it jier derfoar. In gaos by de Iselmartocht yn Starum. En it Alvestêdebestjoer hie noch trije dagen nedich foar de organisaasje. Beide saken brutsen harren doe op, it gie noch net oan. In jier letter die bliken dat it eins wol moai west hie dat we yn 1996 sa tichteby sitten hiene. Want wy sieten allegearre noch tefolle yn de sfear fan ‘85 en ’86. Moai, gesellich, bjusterbaarlik. De hiele wrâld wie oars wurden yn dy tsien jier. It alvestêdebestjoer moast ek. Mar riders en harren ploechlieders sieten noch tefolle yn dy 80-er jierren. Doe wie’t ein febrewaris, no begjin jannewaris. En sy riden folle hurder. Dat betsjutte dat it twa kear sa lang tsjuster wie. De knoffel- en ferkeard-rydpartijen op ‘e Holken en it missen fan Piet Kleine fan de noch net goed ferljochte stimpelpost yn Hylpen wiene de gefolgen. Hy waard diskwalifisearre. As hy wûn hie wie dat net bard. Henk van Benthem, riyt op de Súdhoekster Faart de kopgroep útelkoar. Spitich, mar Fryske jonges as Jan Bakker fan Wynjewâld en Yep Kramer moasten ôfheakje. Seis man beukten troch. Henk Angenent wie echt de bêste, helle alles wer werom en wûn de sprint. In weardige winner.

Yn 1986 skriemde ik doe’t ik de finish fan Rein Jonker ûnder wurden bringe mocht. Sjoen de foarskiednis, sjoen de oermacht fan Evert, en dan twadde wurde yn wat it grutste langstme fan syn libben wie. It waard my suver tefolle. Je hawwe allegearre wolris fan dy mominten, dan binne je efkes gewoan taskôger. Ik hie’t tweintich jier lyn ek sa’n bytsje. De twadde groep dy’t frjemd genôch yn earste ynstânsje mar noait by dy kopgroep komme koe, kaam yn Bartlehiem, op wei nei Dokkum. En foarop ried Willem Poelstra. 22 jier. Ynwenner fan it tichteby lizzende Hijum. De lju út dy regio hiene him al yn it hert sletten, want hy wie al opfallend yn de maraton. Der ûnstie in geweldich stik leven op Bartlehiem doe't Willem, foarop, foarby kaam. Willem kaam dêrtroch yn in flow, ried troch, pakte noch wat fan de mannen dy’t yn it earstoan yn de kopgroep sitten hiene en kaam as tsiende oer de streek yn Ljouwert. Ja hy stiet as njoggende yn de boeken, mar ik lit Kleine altyd stean. Willem Poelstra , dy’t ik as lyts jonkje yn Thialf in soarte fan Alvestêdewedstriid winnen sjoen hie, altyd fleurich, altyd yn ’e striid, dy Willem waard op syn 22ste al tsiende. Wat soe dat wat wurde kinne, as we gau noch mear tochten krigen.

Willem Poelstra is twa jier letter nei in hertstilstân ferstoarn op it iis fan de Jaap Edenbaan baan yn Amsterdam. In pear dagen letter stie it hiele maratonpeleton op it tsjerkhôf fan Hijum. Op in wietkâlde oktobermiddei seagen we wêzenleas nei de fuortrinnende en skriemende âlden fan Willem Poelstra. Ik skriemde en tocht oan Bartlehiem, doe twa en in heal jier en no tweintich jier lyn. Willem……"

Trefwurden: 
De Toan fan Eelke Lok
(Advertinsje)
(Advertinsje)