File op de A7 yn de rjochting fan Drachten

04 jan 2017 - 07:41
Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

It ferkear fan Grins nei Drachten hat woansdeitemoarn op de A7 lêst hân fan fertraging. By Westpoort yn Grinslân hie de hurde wyn in oanhinger te pakken krigen. It gefaarte is omwaaid. Hjirtroch stie der yn de moarnsspits in behoarlike file.

Trefwurden: 
A7 file
(advertinsje)
(advertinsje)