Noardlike PvdA fraksjefoarsitters yn aksje foar bernepardon

04 jan 2017 - 07:23

In delegaasje noardlike fraksjefoarsitters fan de PvdA sil woansdei nei Den Haag ta om mei listlûker Lodewijk Asscher yn petear te gean oer it bernepardon. De noardlike fraksjefoarsitters pleitsje foar in soepelere regeling foar asylsikersbern dy't it lân útset wurde. Se stride dêr al in skoft foar, en der binne al wat suksessen helle. Dochs bliuwe der problemen mei de hjoeddeistige foarm fan it bernepardon. Sa kin it wêze dat bern hjir al langer as fiif jier wenje en nei skoalle gean, mar dochs net by it Ryk bekend binne.

Dizze bern komme dan net yn oanmerking foar de hjoeddeistige foarm fan it bernepardon.

"Wij vinden dat deze mensen ook gewoon hier moeten blijven," seit Fryske fraksjefoarsitter fan de PvdA Remco van Maurik "want dat zijn kinderen die langer dan vijf jaar hier naar school zijn gegaan. Deze kinderen zitten halverwege hun HAVO of VWO diploma, en wij vinden het gewoon niet goed als ze het land worden uitgezet. Wij proberen Asscher en de Tweede Kamerfractie ervan te overtuigen dat ze meer hun best voor deze kinderen moeten doen."

It giet lykwols net allinnich mar oer it oertsjûgjen fan de eigen PvdA, de fraksjefoarsitters wolle benammen by de VVD derop oantrune dat der wat dien wurdt foar dizze groep bern.

(Advertinsje)
(Advertinsje)