Album Die Twa op 17 yn Top 100

22 okt 2011 - 16:45

It nije album fan de Fryske formaasje Die Twa is dizze wike nij binnenkaam op nûmer 17 yn de Nederlânske album Top 100. It album Twasprong is 14 oktober presintearre yn it Abe Lenstra stadion op It Hearrenfean.

It is it twadde album fan Jacob en Krijn Dijkstra. Har earste album kaam ferline jier maitiid út. It nûmer 'Eachkontakt' stiet op dit nije album mei Frysktalige nûmers.

(advertinsje)
(advertinsje)