Fragen foar biblioteken Noard-Fryslân? Stjoer Bibi in appke

03 jan 2017 - 20:56
Bibi

De klanteservice fan biblioteken yn Noard-Fryslân binne fan no ôf ek te berikken fia WhatsApp. Online assistinte Bibi beäntwurdet fragen dy't binnenkomme fia de app. Net allinnich oer de biblioteek, mar alle fragen binne wolkom. It is de bedoeling dat fragen binnen in oere beäntwurde wurde.

"Bij de bibliotheek hebben we een heleboel kennis in huis. Daarom mag je ons alles vragen", seit liedingjaande Paulien Schreuder.

"Of je nou iets wilt weten over flamingo's, gehaktballen of de Tweede Wereldoorlog; stuur Bibi een appje en je hebt binnen no-time antwoord."

(Advertinsje)
(Advertinsje)