Rekôrtal fytsers minytocht

In rekôrtal fytsers docht dit jier mei oan de miny-fytsalvestêdetocht. Dat is in tocht fan 40 kilometer by alve doarpen yn de buert fan Boalsert del.
Dit jier fiert de minytocht it 40-jierrich jubileum. Dat betsjut dat it evenemint ekstra feestlik is. Sa is der ûnder oare mear muzyk en mear kosumpsjes. Mooglik hat dizze spesjale edysje ek foar ekstra dielnimmers soarge, seit foarsitter Stephan Rekker.