"Pensjoen swiere beroppen? Sjoch nei wurknimmer as yndividu"

03 jan 2017 - 20:25

In swier berop útfiere nei je 65e, dat kin net mear. Mei dy meidieling kaam de NVAB, de Nederlandse Vereniging voor Arbeids- en Bedrijfsgeneeskunde, tiisdei. De feriening stelt dat der om de ferheging fan de pensjoenleeftiid nei 67 jier hinne fierstente min omtinken is foar de sûnens fan âldere wurknimmers dy't in swier berop útfiere. Yn Fryslân makket AB Vakwerk him dêr ek soargen oer, mar it bedriuw fynt wol dat der nei elke wurknimmer as yndividu sjoen wurde moat.  

It útstjoerburo hat sa'n 450 minsken oan it wurk dy't 50-plusser binne. "Bij ons moeten mensen fysiek, maar ook mentaal zwaar werk verrichten. Waar we voor moeten oppassen is dat mensen die op leeftijd raken niet hetzelfde zware werk blijven doen als toen ze 20 of 25 waren," sa seit algemien direkteur Hylke van der Veen. 

Fitaliteitsplan

Neffens de NVAB binne maatregels om minsken ta te rieden op it langer trochwurkjen, faak rjochte op heger oplate wurknimmers. Minsken yn de lânbou dy't regelmjittich in swier berop útfiere, moatte tinke om har sûnens, sa sizze se by AB Vakwerk. "Wij gaan in een vroeg stadium met de mensen in gesprek en bieden ze bijvoorbeeld een vitaliteitsplan aan. De vraag hoe lang oudere medewerkers nog door kunnen is gewoon lastig te beantwoorden, want sommige medewerkers zijn gewoon nog enorm fit", stelt Van der Veen.

Neffens de 63-jierrige ynfalboer Joop Miedema komt it wol foar dat kollega's fysike klachten krije troch it swiere wurk. "Dy krije faaks lêst fan it skouder. As minsken yn ús berop oant har 70e trochwurkje moatte, dan soe dat wolris in 'heikel' punt wurde kinne foar sawol wurkjouwer as wurknimmer."

(advertinsje)
(advertinsje)