Auto's fuortsleept om heech wetter

03 jan 2017 - 17:56
Foto: Omrop Fryslân, Douwe Boersma

Fanwegen de hurde wyn en heech wetter binne tiisdei op de pier by Holwert sa'n fyftich parkearre auto's fuortsleept. Der wurde woansdei swiere wynstjitten ferwachte en it wetter sil mooglik oant 2,25 meter stige, wylst dat normaliter 1,90 meter is. 

Neffens Ger van Langen, direkteur fan Wagenborg, is it ferpleatsen fan de auto's nedich om't it parkearterrein nei alle gedachten mei in heale meter ûnder wetter komt te stean. De tsjinstregeling fan de fearboaten wurdt foarearst net oanpast.

(Advertinsje)
(Advertinsje)