Yn de rige foar de Fryske iisbanen

03 jan 2017 - 17:17

It is dizze wike drok op de Fryske iisbanen. De Elfstedenhal yn Ljouwert en Thialf op It Hearrenfean belibje topdagen yn dizze twadde fakânsjewike. By it fernijde stadion op It Hearrenfean moasten minsken somtiden trije kertier yn de rige stean. Se wiene benijd nei de kwaliteit fan it iis en hoe't de hal ferboud wie. De measten sprutsen fan in prachtich stadion. Kommend wykein wurdt der yn it Thialf it EK sprint en allround ferriden. Der is in soad belangstelling foar dit evenemint.

Trefwurden: 
Thialf Elfstedenhal reedriden
(Advertinsje)
(Advertinsje)