"Tal guozzen yn Fryslân nimt net bot ta"

03 jan 2017 - 16:52

It tal guozzen yn Fryslân nimt net hiel bot ta. Dat seit Romke Kleefstra fan Sovon Vogelonderzoek. Dizze wike waard bekend dat boeren folle mear skea troch guozzen oanmelde by it Faunafûns. Nei in evaluaasje diskusjearret de Fryske polityk dêr yn it begjin fan de kommende hjerst oer.

Hoe't it giet mei de guozzen yn ús provinsje is net foar alle soarten gelyk. Sa nimt it tal pauguozzen ta. Ek bliuwt dizze soart langer hingjen yn Fryslân, foardat sy wer op 'en paad nei de briedgebieten gean.

Mei de blesguozzen giet it al langer wat minder goed. De briedresultaten falle ôf wêrtroch der minder fan dizze soart binne. It oantal skiere guozzen dat hjir jongen grut bringt, giet noch wol wat omheech. Foaral omdat sy nije plakken fine bûten guon natuergebieten, al wurde der ek mear teld yn De Alde Feanen dêr't earder in soad guozzen fergast binne.

(Advertinsje)
(Advertinsje)