Advendo al springend nei Italië

03 jan 2017 - 16:51

Se jumpe letterlik op it poadium, muzykkorps Advendo út Snits. By harren resinte optredens begjint de hiele groep ûnder it nûmer Narcotic te springen. In bysûnder gesicht. It is sels sa spesjaal dat dit ek yn it bûtenlân opfallen is, want it korps is frege om yn febrewaris mei te dwaan mei ferskate grutte karnavalparades yn Italië.

Anneke Modderman spilet by it korps en sy is tige wiis mei de reaksjes dy't harren ferzje fan Narcotic opropt. It springen kaam eins as gek idee nei boppe ta. ​"Wij wisten al dat wij dat nummer Narcotic zouden doen" sa fertelt Modderman, "en tijdens ons trainingsweekend zei onze instructie ineens dat het hun wel gaaf leek als wij zouden gaan springen." En sa sein, sa dien.

Kondysje

It nûmer komt oan de ein fan de show, dus dan hawwe de muzikanten al in folsleine útputtende striid derop sitten. "Er zijn dan wel mensen die er moeite mee hebben, maar persoonlijk heb ik ook wel dat als ik zie hoe het publiek erop reageert, dan krijg ik daar ook wel weer energie van."

Modderman tinkt dat Advendo it iennige korps op de wrâld is dat dit sa docht. Se seit yn alle gefallen dat se it noch nea earne oars sjoen hat. It is de bedoeling dat Advendo ek yn Italië al springend troch de strjitte marsjearje sil.

Trefwurden: 
Advendo showkorps hafabra
(Advertinsje)
(Advertinsje)