Waadferiening start petysje foar ien behearder Waadgebiet

03 jan 2017 - 16:23

De Waadferiening set útein mei in petysje foar ien behearder fan it Waadgebiet. Neffens de Waadferiening is 2017 in wichtich jier foar de Waadsee en moatte der knopen trochhakke wurde oer it behear fan it wrâlderfgoed. Neffens de feriening soe der, troch te kiezen foar ien behearder, in ein komme oan alle ûndúdlikens oer wa't it te sizzen hat oer it gebiet.

"Drie jaar geleden stelde de Rekenkamer al dat er één beheerder moet komen voor het Wad. Vorig jaar werd geconcludeerd dat de afgelopen tien jaar belangrijke doelen voor het Wad als verbetering van de natuur en behoud van het open landschap niet gehaald zijn. Als er niet serieus wat verandert, modderen we de komende tien jaar zo verder. Het is hoog tijd om door te pakken. Wij roepen de regering op om te komen tot één beheerder, met hart voor het Wad, kennis van zaken, voldoende middelen én draagvlak in het gebied," seit Ester Kuppen fan de Waadferiening."

Op de webside fan de Waadferiening kin de petysje tekene wurde. Op de side wurdt alle wiken in Twadde Keamerlid ynterviewd. De earste is Eric Smaling fan de SP.

(advertinsje)
(advertinsje)