1200 potten blomkoalsop

03 jan 2017 - 16:10

Der binne 1200 potten blomkoalsop makke fan de giele blomkoalen út Pitersbierrum. De ferkleure blomkoallen dêr't yn oktober in grutte aksje foar fierd waard binne ferwurke yn in krêmsop. De Rabobank hat de helte fan de 1200 potten oankocht.

Konkurrint fan de Dubarry

"De Crèmesoep Dubarry, vernoemd naar Madame Marie-Jeanne Becu du Barry, een beroemde Franse schoonheid en maîtresse van Lodewijk XV van Frankrijk, is sinds de 18e eeuw een van de klassiekers van de Franse keuken. De Dubarry uit de Franse keuken heeft nu een Friese concurrent gekregen en wel van de Gouden Bloemkool uit het zilte Friese land, dat tegen de Waddenzee aanligt."

Neffens de makkers is de sop in geduchte konkurrint fan de ferneamde Frânske cremesop Dubarry.

"De Gouden Bloemkool Roomsoep DuBarry is een 100% vegetarische soep gemaakt met de biologische Gouden Bloemkolen van Inge en Reindert de Jong uit Pietersbierum. Deze bloemkoolsoep heeft een paar verrassende smaakelementen die als bijzonder betiteld mogen worden. Tegelijkertijd biedt deze soep de mogelijkheid om een paar persoonlijke twisten in de smaak aan te brengen."

Aksje

Yn oktober ferline jier ûtstie der in soad kommoasje omdat de blomkoalen dy't troch de sinne giel fan kleur wiene net troch supermerken akseptearre waarden. Se drigen doe ferneatige te wurden. Troch in manifestaasje en rêdingsaksje "Red de 60.000 bloemkolen" waarden in soad dochs noch ferkocht.

Op 14 jannewaris kin yn de Blokhúspoart yn Ljouwert preaun wurde fan de sop.

Trefwurden: 
sop blomkoalsop blomkoal
(Advertinsje)
(Advertinsje)