Kij yn Hitsum ite earste sneed gers fan dit jier

03 jan 2017 - 15:20

Kij yn Hitsum krije de earste sneed gers fan dit nije jier. Sûnt de hjerst stean de kij fan boer Tsjebbe Hettinga al op stâl, mar se krije noch hieltyd farsk gers te iten. It gers op it lân fan Hettinga bleau de ôfrûne moannen mar groeien en de kwaliteit wie noch goed. Neffens Hettinga is hy de iennige boer yn 'e omkriten dy't syn kij de earste sneed gers fan dit nije jier jûn hat.

"Dit is hiel útsûnderlik. It gers is noch lekker, mar it grutste probleem is om yn it lân te kommen. We ha in drûge perioade hân, dus it lân kin it ark noch drage", sa seit Hettinga.

Dochs komt der in ein oan it farske gers. It is hast op, dus wie tiisdei it lêste momint foar boer Hettinga om it lân te meanen. "De kij sille der moarn wol oan wenne moatte dat se aansten allinnich kuil krije, mar dat is net oars. It gers is no in neigesetsje foar se. Se fine it hearlik."

Trefwurden: 
kij gers Hitsum
(Advertinsje)
(Advertinsje)