Werynrjochting gebiet Woudagemaal De Lemmer

03 jan 2017 - 13:02
Woudagemaal

De leane dy't nei it Woudagemaal by De Lemmer rint sil yn âlde steat werombrocht wurde. Wetterskip Fryslân wol in rige ipen by de leane delplantsje. Hjirmei krijt it gemaal har histoaryske útstrieling werom. Dizze oanpassing is nedich om't de hjoeddeistige rige popelieren oan ein is en gefaarlik wurde kin foar de omjouwing. De woartels fan de beammen hawwe foar skea oan de dyk soarge en by hurde wyn is der kâns op fallende takken. De wurksumheden sette yn jannewaris útein en binne yn de hjerst fan 2017 klear.

De wurksumheden binne ûnderdiel fan de werynrjochtingsplannen foar de omjouwing fan it Woudagemaal. It plan hat as doel om de byldkwaliteit fan it gemaal better te meitsjen, en de fasiliteiten foar de besikers te ferbetterjen. It giet hjir dan bygelyks om kuierrûten en parkearplakken. De werynrjochting wurdt betelle troch de Rijksdienst voor Cultureel Erfgoed, de provinsje Fryslân, de gemeente De Fryske Marren en Wetterskip Fryslân. It folsleine projekt duorret oant 2019. Yn it jier fan de Kulturele Haadstêd leit it wurk stil. De totale priis foar it projekt leit op in lytse miljoen euro.

(Advertinsje)
(Advertinsje)