Hurdrider hat no gjin rydbewiis mear

03 jan 2017 - 10:14
Rydbewiis - Foto: ANP XTRA

De plysje hat moandeitejûn op de A6 by Sint-Nyk it rydbewiis fan in hurdrider ynnaam. De 45-jierrige Amsterdammer ried 52 kilometer te hurd op it plak dêr't fanwege wurksumheden oan de dyk 70 kilometer it maksimum is. Fanwege it wurk oan de dyk en de slimme ûngelokken dy't der de lêste tiid by de rotonde by De Jouwer west ha, hâldt de plysje it ferkear skerp yn de gaten.

Trefwurden: 
hurdrider rydbewiis plysje
(Advertinsje)
(Advertinsje)