Spektakelstik Jistrum kin los

It lokaasjeteaterstik Hebeca yn septimber by Jistrum giet definityf troch. De organisaasje hat it jild by-inoar. Akteur Peter Tuinman spilet ien fan de haadrollen.
It stik giet oer de komst fan in wodkastokerij nei it Russyske doarpke Hebeca. De premjêre is is op 7 septimber. Dêrnei komme der noch fjouwer foarstellings. It stik wurdt opfierd ûnder de reek fan de elektrisiteitssintrale oan de Burgumermar. De organisaasje siket noch akteurs foar de audysje fan 30 maaie.
De lanlik priiswinnende fanfare Joost Wiersma út Jistrum sil it stik begeliede mei ûnder oare live-muzyk fan de Russyske komponist Stravinsky. Njonken Peter Tuinman spylje ek Hilly Harms, Tet Rozendal, Miranda Werkman, Popke van der Zee en Dirk Geerdink mei.