Sluiter: "Minsken moatte net sa gau lilk wurde"

02 jan 2017 - 23:35

Minsken moatte yn 2017 minder gau lilk wurde. Dy hope spruts boargemaster Roel Sluiter fan de gemeente Harns moandei út yn syn nijjierstaspraak. Hy konstatearret dat in hiel soad minsken net gelokkich mei harsels binne en dêr oaren faak de skuld fan jouwe. Troch alle lilkens krije we in mienskip dy't minder produktyf en kreatyf is.

Sluiter seit dat de gemeente Harns in goed jier achter de rêch hat. Harns skriuwt noch hieltyd swarte sifers en der is dus gjin needsaak om op te gean yn de gruttere Westergo-gemeente.

Foar 2017 sjocht Sluiter wol in tal útdagingen foar de gemeente: de ferselsstanniging fan de haven, mear minsken út de earmoed helje en jongeren mear perspektyf biede. Foar de rest sil 2017 in tariedingsjier wurde foar de fiering fan Ljouwert as kulturele haadstêd fan Europa yn 2018. Harns besiket in grutte reüny op te setten mei alle eardere winners fan de Anton Wachterpriis, in priis foar debutearjende skriuwers. Dêrnjonken komt ek de Tall Ship Race yn 2018 wer yn Harns.

(Advertinsje)
(Advertinsje)