UPDATE: Brân yn Wynjewâld en Eastermar

Yn in loads oan de Merkebuorren yn Wynjewâld hat moandeitejûn brân west. Yn de loads stean de auto's fan auto yn- en ferkeapbedriuw Weeny Woody Cars. De brânwacht wie mei meardere weinen útriden foar de middelbrân, om't der neist de loads twa wenningen stean. Yn de loads wiene gjin minsken mear oanwêzich doe't de brân útbruts. It is noch net bekend hoe't de brân ûntstien is.
Yn Eastermar is moandeitejûn in auto útbaarnd. Hy stie op in oprit by in hûs oan it Sytskelân. Doe't de brânwacht oankaam, stie de auto al yn ljochte lôge.
UPDATE: De brân de autoloads yn Wynjewâld wie om sawat healwei tolven ûnder kontrôle. In tal auto's hat lichte skea oprûn troch de brân. De auto's hawwe reekskea en de loads reek- en wetterskea oprûn.