Fernieler AED-kast Dronryp meldt himsels by Doarpsbelang

02 jan 2017 - 22:18
De stikkene AED-kast yn Dronryp - Foto: Klaas Koopmans

De fernieler fan de AED-kast yn Dronryp hat him melden by Doarpsbelang. De kast waard op âldjiersnacht stikken makke. Doarpsbelang die in oprop oan de fernieler om him binnen 48 oeren te melden en dat hat fertuten dien.

Neffens Doarpsbelang docht bliken dat de kast net mei sin fernield is. De dieder smiet mei fjoerwurk yn de buert fan de AED sûnder dat er wist fan de AED. Hy is bot skrokken fan alle kommoasje en reaksjes. It bestjoer priizget de sportive opstelling fan de fernieler en is bliid dat er de 700 euro skea betellet.

De AED sels siet op it stuit fan de fernieling net yn de kast. It apparaat wie der út foarsoarch op âldjiersdei út helle. Fan de fernieling wurdt gjin oanjefte dien.

(Advertinsje)
(Advertinsje)