Bilker ferwachtet dat kfdK gemeenten byinoar ropt

02 jan 2017 - 21:17

Boargemaster Bilker fan Kollumerlân ferwachtet dat de nije kommissaris fan de Kening Brok de gemeenten yn Noardeast-Fryslân útnûgje sil foar in petear oer de takomst. De provinsje moat mear rezjy nimme yn weryndielingsdiskusjes. Bilker docht opnij in oprop oan Dantumadiel om mei te wurkjen oan in bestjoerlike fúzje. 

Kollumerlân is fan 1 jannewaris dit jier ôf amtlik fusearre mei Dantumadiel, Dongeradiel en Ferwerderadiel. Fan 1 jannewaris 2019 ôf folget de bestjoerlike fúzje, mar Dantumadiel wol dêr net oan. 

Bilker die syn oprop oan de gemeente Dantumadiel moandei op syn nijjierstaspraak yn Kollum.

Der binne al 892 foarstellen binnen kaam foar in namme foar de nije fúzjegemeente yn Noardeast-Fryslân. In kommisje selektearret foar 1 febrewaris trije nammen. Op 15 maart meie ynwenners fan de gemeenten stimme op ien fan dy trije nammen, tagelyk mei de Twadde Keamerferkiezings. De winnende gemeentenamme wurdt bekend makke op 17 maart.

Trefwurden: 
Kollumerlân Dantumadiel
(Advertinsje)
(Advertinsje)