Feest Fytsalvestêdetocht

26 maaie 2012 - 10:50

Frijwilligers fan de Fytsalvestêdetocht binne freed yn it sintsje set mei in grut feest. De organisaasje fan de tocht bestiet dit jier hûndert jier. No pinkstermoandei is de tocht wer en dat wie reden om ris wat ekstra te dwaan foar de meiwurkers.

Foar it feest wiene hast sânhûndert gasten útnoege. De organisaasje hie besocht om safolle mooglik fariaasje yn it programma oan te bringen, omdat de gasten ferskillend âld binne. Op de jûn wiene ûnder oare in jubileumfilm te sjen oer hûndert jier Fytsalvestêdetocht.

It feest wie yn Boalsert.

Trefwurden: 
fytsalvestêdetocht
(Advertinsje)
(Advertinsje)