Liemburg: 'Krêft sit yn de doarpen, net yn de gemeente'

02 jan 2017 - 19:57

'De krêft fan de mienskip sit yn de doarpen, net yn de gemeente', sei boargemaster Johanneke Liemburg fan Littenseradiel moandei op de nijjiersresepsje. It wie de lêste fan Littenseradiel. Op 1 jannewaris 2018 wurdt de gemeente yn trije parten opdield dy't nei respektyflik Ljouwert, Súdwest-Fryslân en de nije gemeente Waadhoeke gean.

Neffens de boargemaster rint it fúzjeproses goed. It binne benammen de details dêr't de kommende moannen noch goed nei sjoen wurde moat.

Leefberens

Boargemaster Liemburg is net benaud dat troch de skaalfergrutting de krêft fan de mienskip lytser wurde sil. "De leefberens en de krêft komt út de doarpen sels en dy bliuwe gewoan, ek as se daliks yn in oare gemeente lizze."

Pensjoen

Foar har persoanlik sjocht Liemburg nei dit jier gjin fierdere takomst yn it iepenbier bestjoer. "Dan bin ik wol oan myn pensjoen ta. En der is genôch oars te dwaan".

(Advertinsje)
(Advertinsje)