Gemeentlike prizen foar Piet Paulusma en Arjen Mintjes

02 jan 2017 - 19:35

Waarman Piet Paulusma fan Omrop Fryslân hat de Boei van Harlingen krigen. Dat is in priis foar de Harnzer dy't de stêd it ôfrûne jier posityf yn it nijs brocht hat. Piet Paulusma krige de priis moandeitejûn útrikt op de nijjiersresepsje fan de gemeente Harns. Dat waard dien troch boargemaster Roel Sluiter.

Direkteur Arjen Mintjes fan de Maritime Akademy krige de Gemeentelijke Draagspeld as beleaning foar syn frijwilligerswurk.

(Advertinsje)
(Advertinsje)