Littenseradiel alderfeilichst

26 maaie 2012 - 10:32
Ynbraak - Foto: Omrop Fryslân

Littenseradiel is de feilichste gemeente fan Nederlân, neffens it Algemeen Dagblad. De gemeente stiet op nûmer 1, Dantumadiel op 2 en Ferwerderadiel op 6. Ljouwert is, lykas oare jierren, de ûnfeilichste gemeente fan Fryslân. De Fryske haadstêd komt net foar yn de lanlike top 10 fan ûnfeilichste gemeenten.

By de jierlikse misdiemjitter wurdt sjoen nei oanjeften fan bygelyks ynbraken, mishanneling, bedriging, oerfallen en fernielings. Amsterdam is de ûnfeilichste gemeente fan Nederlân. De sifers stean yn it AD fan sneon 26 maaie.

(advertinsje)
(advertinsje)