"Doarpskrante Jorwert is bêste fan hiele gemeente"

02 jan 2017 - 19:19

Doarspkrante De Hiele Toer fan Jorwert hat de priis krige foar bêste Frysktalige doarpsjoernalistyk fan de gemeente Littenseradiel. De sjuery spruts fan in heech en konstant nivo fan de rige kollums dy't deryn ferskine ûnder de namme Dweilstik. Auteur fan dy kollum is Douwe de Bildt, mar de priis - in bedrach fan 250 euro - is ornearre foar de doarpskrante.

De twadde priis gie nei Mandeguod fan Mantgum en Ut 'e Buorfinne fan Wjelsryp krige de tredde priis.

It is noch net wis oft de priis bestean bliuwe sil, om't de gemeente Littenseradiel ophâldt te bestean. Boargemaster Liemburg, dy't de prizen útrikte op de nijjiersgearkomste fan de gemeente, rôp de nije gemeenten op it inisjatyf oer te nimmen.

(advertinsje)
(advertinsje)