Subsydzje foar teäterstik oer Bauck fan Hemmema

02 jan 2017 - 18:10

It teäterstik oer Bauck fan Hemmema krijt in subsydzje fan 5000 euro. It jild komt fan it VSBfonds. It stik giet oer frijheidsstrydster Bauck fan Hemmema, de Fryske Jeanne d'Arc. Sy is de âld-muoike fan Grutte Pier. Sybe Joostema makke fan har spektakulêre libben in ferhaal.

It stik wurdt op 30 juny foar it earst opfierd tsjin it dekôr fan it Hemmemapark yn Berltsum. Dêr stie eartiids it kastiel Hemmema, dat foar in part yn 'e Middelsee stie. De stichting Grut Hermana, dy't de teäterproduksje fersoarget, is optein mei de subsydzje.

(Advertinsje)
(Advertinsje)