Baas militêr sintrum skorst

definsjeminister Hans Hillen © ANP
De kommandant fan it Militair Geneeskundig Logistiek Centrum op It Hearrenfean is skorst fanwege it skeinen fan de yntegriteit. Dat hat definsjeminister Hans Hillen oan de Twadde Keamer witte litten.
Der soe by it sintrum knoeid wêze mei de ynhier fan persoaniel en de oanskaf fan apparatuer. Meiwurkers fan it sintrum stelden de kwestje earst by liedingjaanden oan de oarder, mar doe waard harren it wurk ûnmooglik makke. Dêrnei binne se nei it ministearje stapt. Neist de kommandant binne noch twa as trije meiwurkers belutsen.
Tsjin harren binne ek maatregels naam. It ministearje hat oanjefte dien fan fraude mei deklaraasjes. Earder kaam by de marine in grutte fraude oan it ljocht by de oanskaf fan materieel. It ministearje sil no alle lytsere definsjetsjinten ûndersykje.