Soarchfersekerder nimt sikehûs-restaurant oer

02 jan 2017 - 17:34
Foto: Omrop Fryslân, Geertrui Visser

Soarchfersekerder De Friesland is de nije eksploitant fan it restaurant yn sikehûs Sionsberg yn Dokkum. Restaurant Bysûnder waard earder troch ZuidOostZorg eksploitearre, mar dy hâlde der koartlyn mei op. It wie dêrtroch de ôfrûne trije wiken ticht. It sil no foarearst fierder ûnder de namme Sionsberg Restaurant, mar it is de bedoeling dat der gau in nije eksploitant fûn wurdt.

Neffens in wurdfierder fan De Friesland feroaret der net in soad yn it restaurant. It personiel kin oan it wurk bliuwe yn it restaurant.

Wol is it neffens De Friesland wer efkes wennen dat it restaurant no wer iepen is, nei trije wiken ticht west te hawwen. De Friesland is yn petear mei hoareka yn de omjouwing dy't it restaurant oernimme kin.

(Advertinsje)
(Advertinsje)