Spoarjild nei nije diken

26 maaie 2012 - 09:10
Foto: Omrop Fryslân

In part fan it jild dat yn it spoar fan It Hearrenfean nei Grins ynvesteard wurde soe, giet nei de plannen foar Sintrale As en de bredere N381. Dat stiet yn de kadernota foar 2013 fan it provinsjebestjoer. Yn dy nota stiet foar 123 miljoen oan plannen. Der wurdt ek jild stutsen yn nije fûnsen lykas it saneamde Doefûns dêr't acht miljoen euro yn stoppe wurdt foar ynvestearings fan it midden- en lytsbedriuw. Fierders wurdt tasein om jild te stekken yn in technokampus yn Drachten dy't in soad te krijen hat mei de festiging fan Philips dêr.

Op It Bilt komt in ûnderwiiskampus mei skoallen en bedriuwen. De provinsje stekt dêr 2 miljoen euro yn.

Trefwurden: 
spoar N381 technokampus
(advertinsje)
(advertinsje)