Ekstra tribunes foar Thialf troch drokte

Fans yn Thialf © Martin de Jong
Fanwegen de goed rinnende ferkeap fan kaartsjes foar it EK allround en EK sprint fan kommend wykein yn Thialf, wurde der ekstra tribunes delset yn iisstadion. It giet om 200 oant 500 ekstra sit- en steanplakken. Nettsjinsteande de grutte belangstelling foar it reedrydtoernoai, binne der noch wol kaarten beskikber.
It sprinttoernoai set freed útein, krekt as de allroundfroulju. Sneon begjint it allround toernoai foar de manlju.