Fleisdief oppakt nei bedriging winkelpersoniel mei mes

02 jan 2017 - 16:05
(fotofoarbyld) - Foto: Omrop Fryslân

In 46-jierrige Ljouwerter is moandeitemiddei oppakt foar stellerij en bedriging yn it winkelsintrum Bilgaard. De man hie fleis stellen yn in supermerk en doe't er dêr op oansprutsen waard troch winkelpersoniel, luts er in mes en bedrige er harren. Hy naaide dêrnei gau út op in fyts. In plysje gie der op 'e fyts efteroan. Nei in achterfolging koe de fertochte pakt wurde op de Trompstrjitte.

Der is oanjefte tsjin de fertochte dien. It die bliken dat er al in winkelferbod hie foar ferskate supermerken yn 'e stêd.

Trefwurden: 
stellerij dief Bilgaard
(advertinsje)
(advertinsje)