Wille en frijheid wichtiger as jild

02 jan 2017 - 15:58

Jild en in soad fertsjinje is gjin grutte driuwfear foar studinten yn Fryslân. YFK, in bedriuw dat him ynset om marketing- en kommunikaasjestudinten foar Fryslân te behâlden hat ûnder in groep studinten in enkête hâlden oer wat se wichtich fine yn harren takomstige wurk. In protte leare, ôfwikseling yn it wurk, wille en frijheid binne folle wichtiger.

It grutste part fan de ûnderfrege studinten wol graach fulltime by in grutte organisaasje wurkje omdat se tinke dat se harren dêr it bêste ûntwikkelje kinne.

Bedriuwen yn Fryslân binne faak weromhâldend yn it oannimmen fan jonge minsken. Se sette mear yn op de feilichheid fan minsken mei ûnderfining. Direksjes binne faak wol entûsjast, mar jonge "eigenwize" kreative wurknimmers wurde faak sjoen as lestich troch it middenmanagement.

Neffens Eva van Leeuwen fan YFK is it wichtich om jonge marketeers en kommunikaasjemeiwurkers te behâlden foar Fryslân. Dat is wichtich om bedriuwen better ynspylje te litten op nije ûntwikkelingen.

Trefwurden: 
YFK studinten wurk
(Advertinsje)
(Advertinsje)