De Haan makket trochstart mei antikwariaat

It nije jier betsjut foar in soad minsken in nij begjin, sa ek foar Atsee de Haan út Dokkum. Ferline jier kaam de boekhanneler yn it nijs om't er in heal miljoen boeken út syn antikwariaat fuortdwaan moast. It runnen fan de winkel wie net mear fol te hâlden. In emosjoneel ferslach yn Hea! soarge foar in soad reaksjes, en in protte minsken hiene it mei him te dwaan. Dochs lit De Haan it der net by sitte yn 2017. Hy sil yn it nije jier úteinsette mei in boekhannel op ynternet. De trochstart fan it bedriuw is op lytse skaal.
"Ik heb een kleine selectie van zo'n 3000 boeken overgehouden, met name over het Waddengebied." sa seit De Haan "Die worden verkocht op het internet, dus geen gedoe meer met dan en dan, daar en daar zijn en dan zo laat. Maar gewoon zonder druk erop."
De Haan hat nei de útstjoering in soad reaksjes krigen op syn emosjonele ferhaal. "Allemaal te laat natuurlijk, want tegen de tijd dat het afliep kwamen de mensen en de media op me af. Maar vantevoren heb ik nooit wat gehoord. Ik was de grootste antikwaar van Nederland, maar niemand heeft er ooit aandacht aan geschonken. Alleen als je ophoudt zijn ze erbij."
De Haan koe lykwols net folslein ôfskied nimme fan it hanneljen yn boeken. Sadwaande ek de nije lytse webwinkel. De winkel is te finen fia www.boekwinkeltjes.nl/v/atsee/.