Ferd Crone: "Omstanders moeten geweldplegers aanspreken"

02 jan 2017 - 14:36

Freonen en omstanners moatte yngripe as der geweld brûkt wurdt tsjin helpferlieners. Dat fynt Ferd Crone fan Feilichheidsregio Fryslân. De polityk hat yn syn optyk gjin oare middels om geweld oan te pakken. Plysjebûn ACP wol lykwols dat de polityk maatregels nimt om geweld tsjin helpferlieners tsjin te gean.

Aldjiersnacht gong it op ferskate plakken yn Nederlân wer mis mei minsken fan de brânwacht, plysje en ambulânse.

Minister Ard van der Steur fan Justysje stjoerde in tweet de wrâld yn mei kompliminten foar it goede wurk fan de helpferlieners. Mar dat wurke as in reade lape op in bolle. Te maklik, te goedkeap fynt de plysje. Der moatte maatregels komme.

"De dubbele straffen zijn terecht, maar daarmee los je het probleem alleen niet op", fynt Crone. "Geweldplegers tegen hulpverleners doen dat bijna altijd in gezelschap van vrienden. Het is daarom ook belangrijk dat omstanders geweldplegers een halt toeroepen. Het heeft in mijn optiek geen zin om nog meer politie de straat op te sturen."

(Advertinsje)
(Advertinsje)