Akkrum wint sjongfestival

26 maaie 2012 - 08:09

De achtste edysje fan it sjongfestival foar bern is freed wûn troch de Ds. Hasperskoalle fan Akkrum. Bern út de heechste groepen fan de skoalle songen it ferske Planet Earth en hiene neffens de sjuery hiel goed neitocht oer har optreden. Dy sjuery bestie út muzykdosint Anne Oosterhaven, komponist Theo Brouwer en sjongeres Janna Eijer.

Oan de finale yn De Lawei diene njoggen skoalle mei. De twadde priis gie nei De Twine fan Drylts, de tredde nei de Eben Haëzer út Dokkum. It bernesjongfestival wurdt ien kear yn de twa jier organiseard.

(Advertinsje)
(Advertinsje)