Al 10.000 minsken nei Eet&Weet

22 okt 2011 - 15:27
Foto: Omrop Fryslân

It evenemint 'Eet & Weet Huis' yn it Natuermuseum yn Ljouwert hat yn in wike tiid al 10.000 besikers lutsen. De besikers komme út it hiele lân. De bern kinne proefkes dwaan mei iten, kealtsjes aaie en pankoeken bakke. De tsientûzenste besiker krige in taart en in jierabonnemint foar takom jier.

It Natuermuseum skoart goed mei syn eveneminten. De dino-eksposysje luts earder 30.000 minsken yn in pear wike tiid. It 'Eet & Weet Huis' is der nije wike ek noch.

Trefwurden: 
natuermuseum
(Advertinsje)
(Advertinsje)