Eastrum wol yndustrieel terrein by stienfabryk behâlde

02 jan 2017 - 12:46

De piip fan it stienfabryk by Eastrum liket rêden no't de provinsje 72.000 euro bekikber steld hat foar restauraasje. De piip is lykwols mar ien ûnderdiel fan it kompleks, dat foar in grut part oanmurken is as ryksmonumint en wichtich is as yndustreel erfgoed. Dochs leit it der al jierren ferturtearze hinne. Tiid om no dan mar hielendal troch te pakken, fynt foarsitter Romke Hekstra fan doarpsbelang Eastrum. De FNP yn Dongeradiel stelt dêr ek fragen oer yn de rie.

Beaken yn lânskip

"Wy wolle graach dat de piip stean bliuwt. It is in beaken yn ús lânskip. Lokkich kinne we mei dizze subsydzje in hiel ein fierder. As doarp soenen we it ek moai fine as ek de rest fan it yndustrieel terrein oanpakt wurdt. It is histoarysk erfgoed, moai oan 'e Dokkumer Ie. Minsken kinne der bydel fytse of mei de boat bydel farre." It fabryk stiet no al fjirtich jier leech en dat fynt Hekstra skande. "Foar safier ik wit sitte de ovens noch yn it fabryk. It soe moai wêze as minsken ris sjen kinne hoe't hjir eartiids wurke is." Hekstra giet der fanút dat der foar 2020 mear dúdlikheid is oer wat der mei de rest fan it histoarysk bedriuweterrein barre sil. "As doarp soenen we op dit terrein graach sjen dat der wer wat bedriuwichheid komt."

Trefwurden: 
stienfabryk Eastrum piip stipe
(Advertinsje)
(Advertinsje)