Dieven helje meardere huzen oer de kop op It Hearrenfean

02 jan 2017 - 11:25
(argyffoto) - Foto: Omrop Fryslân

Yn trije wenningen op It Hearrenfean is yn de nijjiersnacht ynbrutsen. By de ynbraken yn de huzen oan it Dalkruid en it Hoefblad is in soad skea oanrjochte. Neffens de plysje hawwe de ynbrekkers alle tiid naam om de huzen troch te sykjen. It is noch net bekend wat de dieven meinaam hawwe.

Trefwurden: 
plysje ynbrekkers
(Advertinsje)
(Advertinsje)