Schulting lit EK sprint lizze foar NK shorttrack

02 jan 2017 - 11:20

Suzanne Schulting kiest net foar it EK sprint, mar foar it NK shorttrack. Schulting hie har pleatst foar it Europeesk kampioenskip sprint op de langebaan, mar yn itselde wykein is ek it Nederlânsk kampioenskip shorttrack. "Ik wil mijn voorbereiding op het EK shorttrack in Turijn niet in gevaar brengen", sa seit Schulting. "Daarnaast kan ik bij het EK sprint op dit moment nog geen rol van betekenis spelen, terwijl ik in Amsterdam voor de Nederlandse shorttracktitel kan gaan. Een titel, die ik bij de senioren nog niet heb gewonnen."

Schulting har plak op it EK sprint fan dit wykein wurdt ynnaam troch Sanneke de Neeling.

(Advertinsje)
(Advertinsje)