Amtners fan fusearjende DDFK-gemeenten ferhúzje

It nije jier begjint foar de amtners fan de fjouwer gemeenten yn Noardeast-Fryslân moandei bysûnder, no't de amtlike fúzje fan Dongeradiel, Dantumadiel, Ferwerderadiel en Kollumerlân (DDFK) in feit is. Boargemasters, wethâlders en gemeenterieden bliuwe oan it wurk foar harren eigen gemeente. In oantal ôfdielingen en amtners moatte lykwols ferhúzje foar it wurk. Dy minsken hawwe in 'meterbak' krigen, in bak fan in meter grut dêr't se har guod foar it nije wurkplak yn dwaan koenen. De meterbakken binne moandei op it nije wurkplak útpakt.
"Je wete wat je hewwe, maar je wete niet wat je krije"
Amtners Frans Hettema en Jan Westerhof sieten beiden op it gemeentehûs fan Dantumadiel yn Damwâld. Se sieten 27 jier tsjininoar oer, mar no komme se beide yn Dokkum op in oare ôfdieling te wurkjen, en dat is wol efkes wennen. Hettema: "Dat is it seker. As je 27 jaar tegenover mekaar sitten hewwe, dan wurdt it wol anders ja. Je wete wat je hewwe, maar je wete niet wat je krije. We waren volgens mij nog niet útpraten in al die 27 jaar."
Westerhof fynt it ek spitich dat Hettema en hy no op ferskillende plakken sitte. Lokkich hawwe se de kofjeautomaat al fûn, dêr't se inoar wol treffe sille. "Ik wie altyd allrounder, mar no wurd ik mear spesjalist. Dat fyn ik oan ien kant dochs ek wol jammer."
Foar de ynwenners fan de fjouwer gemeenten feroaret der ek it ien en oar wat iepeningstiden en service oanbelanget. Wurdfierder Sietske Postma fan de gemeente Dantumadiel riedt minsken oan om op de webside fan de eigen gemeente te sjen foar hokker saken oft se wêr wêze moatte.