Mei bakje kofje of tee yn de Qliner nei Grins ta
Ferfierder Arriva Touring begjint moandei mei in proef mei kofje- en teeautomaten yn de bussen fan de sneltsjinst tusken Drachten en Grins. De kofje en tee yn de Qliners binne de earste wike fergees, dêrnei kostet in bakje in euro. De proef duorret trije moannen. Dêrnei wurdt reizgers frege wat se der fan fine.