Rjochter: oerlis Schatzenburg

25 maaie 2012 - 21:00

De gemeente Menameradiel en Schatzenburg B.V. moatte foar takom wike woansdei in oplossing fine foar it swimbad yn Menaam. Oars grypt de rjochtbank yn, sa waard freed dúdlik by in koart pleit dat oanspand waard troch de gemeente.

It bad soe offisjeel op 1 maaie iepen gean mar is noch hieltyd ticht. Reden binne liedingen dy't by graafwurk troch de gemeente stikken lutsen waarden, mar yntusken wer makke binne. Net goed genôch seit eksploitant Ron van Booma en dêrom smieten petearen oer it wer iepen dwaan fan it swimbad oant no ta neat op.

Kommende tiisdei sille de partijen om 'e tafel. Wethâlder Pen hat fertrouwen yn in goeie ôfrin, Van Booma driget mei heger berop mocht de gemeente syn sin krije oer it wer iepen gean fan it bad.

(Advertinsje)
(Advertinsje)