Dôfhûdige bestjoerder foar de sechde kear betrape

Rydbewiis © ANP XTRA
De auto fan in 24-jierrige bewenner fan de gemeente Menameradiel is foar de fjirde kear yn beslach naam. De dôfhûdige bestjoerder waard moandeitemoarn yn Ljouwert foar de sechsde kear yn oardel jier trappearre op it riden sûnder rydbewiis. Njonken dat syn auto yn beslach naam is, krige de man meardere bekeuringen foar it riden sûnder rydbewiis en it riden sûnder jildige APK.