Provinsje ferantwurdlik foar nije natoerbeskermingswet

De provinsje is mei yngong fan it nije jier ferantwurdlik foar de nije natoerbeskermingswet dy't fan krêft gien is. Dizze wet is in gearfoeging fan de Natoerbeskermingswet, de Floara & Faunawet en de Boskwet. Yn de nije wet is ek regele dat it ryk de taken en ferantwurdlikheden ôfstjit nei de provinsjes. Deputearre Johannes Kramer krijt dêrmei in nije taak troch dizze desintralisaasje.
"It is net perfoarst sa dat de natoer no better beskerme wurdt, want dat wie al goed regele. Wol moasten minsken earder nei it ryk ta om saken te regeljen yn bygelyks Natura 2000-gebieten, no kinne se mei de provinsje om tafel. It is goed dat wy dizze taak no hawwe, om't de provinsje tichter op de problematyk en de boarger sit en sa flotter yn aksje komme kin." Kramer seit dat de provinsje gjin ekstra finansjele middels krijt foar it nije foech. "Foar projekten yn de natoer sille wy dêrom aanst jild yn rekken bringe."