"Der kamen mar gjin nije leden by"

01 jan 2017 - 21:54

Foar de menistetsjerke yn Koudum moat in nije bestimming en in mooglik nije mienskip fûn wurde no't de tsjerklike gemeente net mear bestiet. It moat gean om in bestimming dy't de mienskip tsjinnet, sa is yn it foar ôfpraat.

Op âldjiersdei is de lêste tsjerketsjinst hâlden en dêrfoar koene minsken ek ôfskied nimme fan de tsjerke. De menistegemeente yn Koudum bestie 500 jier.

Tekoart oan nije leden

Foarsitter fan de wurkgroep Doopsgezinde Gemeente Koudum Henk Hoekema is der al sûnt syn 20e organist. De triennen sieten net fier fuort, sa fertelt hy. It probleem wie net om de tsjerke fol te krijen, want dat slagge bêst by bysûndere tsjinsten. Mar by normale tsjinsten wie de groep folle lytser.

En wat noch wichtiger wie, is dat der gjin nije leden mear by kamen. "Wy hawwe der alles oan dien", sa seit Hoekema, mar it slagge net. Op it lêst wiene der noch mar alve leden.

Trefwurden: 
Menistetsjerke Koudum
(Advertinsje)
(Advertinsje)