Snie en glêdens yn Súdeast-Fryslân
De earste snie fan it jier is sneintejûn fallen yn it súdeasten fan Fryslân. Yn Easterwâlde en Noardwâlde en omkriten wurdt melding dien fan snie en wiete snie.
Yn it súdeasten fan de provinsje kin it troch de winterske delslach ek glêd wêze op de diken, warskôgje it KNMI en de Verkeersinformatiedienst. Der is dêrom koade giel ôfjûn. Autobestjoerders wurde oproppen rekken te hâlden mei glêdens.